It kommende winterskoft wolle we in nifelklub/dochmiddei op tou sette. Ús doel is om 1 kear yn de moanne meiinoar wat te meitsjen, nifeljen, knutseljen, “Happy Stones” te fervjen en sa fuort hinne. Alle kearen dogge we wer wat oars, eltsenien is tige wolkom.
It is foar ùs ek nij, mar at jo neat probearje, gebeurd der ek neat! Jimme moatte jimsels al efkes opjaan, dan witte we wa at der komt.
We freegje in lytse fergoeding fan € 2,00 om materiaal te keapjen.
Kofje/tee en waarmte krije jim fan de tsjerkerie.
Meiinoar probearje we it gesellich te meitsjen en in moai winterskoft te belibjen.
Wy brûze fan ideeën, mar miskien hawwe jimme noch folle mear ideeën, lit it ús witte!!
Wêr: Menistetsjerke yn Holwert oan de Stasjonswei
Wannear: de 1ste kear op tiisdeitemiddei 14 septimber fan 14.00 oant 17.00 oere
We meitsje de 1ste kear in dienblêd fan steigerhout/ôffalhout.
De folgjende data binne: 12 oktober, 9 nofimber, 14 desimber, alle kearen op tiisdeitmiddei fan 14.00 oant 17.00 oere.
Noch efkes in fraach: Wa hat dingen yn de kast lizzen dy at net mear brûkt wurde sa as breidpriemmen/haakpinnen, wol, katoenjern, borduerjern, knopen, kralen en lytse kraaltsjes.
Wolle jim foar ús opsparje:
– Lytse glêzen (lege) grientepotsjes (fan HAK, sjoch plaatsje), koarken fan flessen, touw, as moaie lintsjes, skulpen, moaie stiennen (gjin grind, mar wat grutter, sjoch plaatsje) en fansels leuke ideeën! Alles kinne we brûke!!
Opjaan en materiaal wat jim oer ha en opsparre is kin by:
Alie Patrouillje, tel. 562124
Tjitske van Sloten, tel. 561947
Giel van Leerzem, tel. 554005
Janny Reitsma, tel. 561275